Wolkom op de webside fan It Snitser Toaniel

It gesellichste toanielselskip fan 'e wetterpoartestêd!

TC Teater te-gast mei: 'In bûsfol stiennen'

Op 13 en 14 novimber 2026 is TC Teater te-gast by It Snitser Toaniel mei de foarstelling In bûsfol stiennen (orizjineel Stones in His Pockets fan Marie Jones). In bûsfol stiennen fertelt it ferhaal fan in lyts fiktyf Frysk doarp dat op ’e kop set wurdt as in grutte Hollywood-filmploeg delstrykt. Twa gewoane doarpsbewenners besykje mei te dwaan as figurant. Underwilens komt der noch in hiele rige kleurrike personaazjes lâns: fan ambisjeuze akteurs en hurde regisseurs oant hoopfolle dreamers en teloarstelde minsken.

Mei in soad humor, rappe rolwikselingen en skerpe dialogen lit it stik sjen wat der bart as grutte ambysjes botse mei de werklikheid. Under it laitsjen sit in gefoelich ferhaal oer identiteit, wearde, en hoe’t minsken sjoen, of krekt net sjoen wurde. In bûsfol stiennen is in enerzjike, tûke en ûntroerende foarstelling dy’t dy fan begjin oant ein meinimt.


Kaarten binne foar Freonen fan It Snitser Toaniel fan tongersdei 1 oktober 13:00 oere ôf te keap fia de knop hjirûnder. De frije ferkeap begjint op tongersdei 8 oktober 13:00 oere. Kaarten ek te krijen by it Atrium fan Poort Theater. (+ 0515 431 400)

Sneek Skittert! 2027

In bjusterbaarlike boppeslach! Dat was de nieuwjaarsrevue Sneek Skittert! van It Snitser Toaniel in 2025. Een vrolijke, afwisselende en muzikale theateravond ter ere van het 175-jarig bestaan van de Sneker toneelvereniging. Vijf keer spelen voor een volle zaal smaakte naar meer en dus krijgt Sneek Skittert! een vervolg!

Een avond waarin met een vette knipoog teruggekeken wordt op het afgelopen jaar in en om Sneek en waarin we samen genieten van muziek, dans en zang van Sneker artiesten en verenigingen, De revue staat dit jaar onder leiding van regisseur Sylvia Beintema.

Kan my niet un beter foarnimmen bedenke dan dit feest met mekaar te beleven. Jim komme toch ok?


De kaartferkeap foar Sneek Skittert! begjint foar Freonen fan It Snitser Toaniel op tongersdei 1 oktober 2026 om 13.00 fia www.theatersneek.nl of oan de kassa fan Poort Theater, Oud Kerkhof 11, Snits. (0515 - 431 400) Om dizze foarstelling te bekostigjen betelje freonen in gereduceerd tarief fan €10,- per kaart. De frije ferkeap begjint tongersdei 8 oktober 2026 om 13.00. (kaarten á €19,50)